Minimaal 100 boetes de plysje

31 jul 2004 - 09:37

Plysjeminsken yn Fryslân moatte hûndert boetes yn 't jier jaan. De lieding hâldt yn de gaten oft se dat ek helje. Oars kin dat gefolgen hawwe foar harren beoardieling, seit plakferfangend korpssjef fan de Plysje Fryslân, Diepenhorst.

In plysjefrou yn Amsterdam krige in warskôging omdat se te min boetes útskreau. It Nederlânske Plysjebûn hat de leden warskôge om yn alle gefallen it fereaske tal boetes út te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)