Bliid mei buertferbod hooligans

© Omrop Fryslân
Beide Fryske betelle fuotbalclubs binne bliid mei de útspraak fan de plysjerjochter yn Rotterdam. Dy bepaalde tongersdei dat trije hooligans net yn de buert fan De Kuip komme meie as Feyenoord thús spilet. Se moatte harren dan melde op it plysjeburo.
Cambuurdirekteur Merkus seit dat de útspraak in stap yn de goede rjochting is. Foarsitter Van der Velde fan SC Heerenveen hat him bot ynset foar in gebietsferbod foar lestige supporters.