PC is klear op ramp

30 jul 2004 - 18:22

It PC-terrein op it Sjûkelân yn Frjentsjer kin dit jier folle flugger ûntromme wurde as oars. By in ramp moatte de njoggentûzen taskôgers yn in kertier fan it terrein ôf. Mei de twa besteande útgongen kin dat net, dus binne der twa by kommen. De fjouwer yngongen hawwe kleurekoades en elk moat troch deselde 'kleur' derút as er deryn kommen is.

Fanwege it waarme waar komme der nei alle gedachten ekstra wettertaappunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)