'Mei syn tsienen op ien keamer'

30 jul 2004 - 18:13

De gemeente Ljouwert wegeret studinten as bewenners yn te skriuwen. Dat bart as der tefolle minsken op itselde adres ynskreaun stean. Yn de partikuliere ferhier litte lang net alle âld-bewenners harren útskriuwe.

Foar needgefallen moat de gemeente oer de krekte gegevens fan in adres beskikke. De gemeente fynt dat studinten te laks binne. Pas as der wat te heljen is, melde se harren. Foar útskriuwen hawwe se faak de puf net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)