Wurkstraf foar ûntfierder
In wurkstraf fan 200 oeren hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei oplein oan in 32-jierrige Drint. De man ûntfierde yn maart syn dochter fan 7 jier. Hy helle har út de klasse fan basisskoalle De Kameleon yn Drachten. De man krijt ek in foarwaardlike straf fan in healjier.
De mem fan de ûntfierder, in frou fan 53 jier, krige in wurkstraf fan 100 oeren. Se wie by har soan doe't er it famke foar koarte tiid ûntfierde.