Pinautomaten befeilige

30 jul 2004 - 12:08

De nije swarte blokken op de gleuf fan pinautomaten soargje foar betizing. De blokken moatte it 'skimmen' tsjingean. Mei it skimmen lêze kriminelen de gegevens fan de pas en brûke dy om stikem jild op te nimmen.

Om te kontrolearjen oft de pin werklik befeilige is, moat dêroer in meidieling stean op it wolkomstskerm fan de automaat. Stiet der neat oer de nije befeiliging, is de automaat net feilich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)