Fersetsman Van Emst postúm eare

© Omrop Fryslân
Fersetsman Marinus van Emst krijt 60 nei syn dea in tinkstien yn Appelskea. It giet om in inisjatyf fan Pleatslik Belang Appelskea. Van Emst dy't boskwachter wie, waard 12 augustus 1944 fusillearre troch de Dútsers nei't hy by in razzia oppakt waard.
Van Emst soe joaden holpen ha by it ûnderdûken. De tinkstien wurdt op 12 augustus ûntbleate troch de dochter Van Emst.