Bysûndere fûgel op Skier

29 jul 2004 - 17:26

Op Skiermûntseach ha fûgelringers tongersdeitemoarn in bysûnder fûgel fûn. It giet om de seldsume 'struikrietzanger'. Dat fûgeltsje liket op in lytse karakyt. It bist komt foar yn de lannen om Finlân hinne en ferbliuwt winterdeis yn Súdeast-Azië.

Foar safier bekend is, is de bysûndere fûgel oant no ta fiif kear sjoen yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)