Kitesurfers fersteure fûgels

29 jul 2004 - 17:23

It Fryske Gea hat in soad lêst fan kitesurfers by de Bocht fan Molkwar en by Warkum. Neffens Hans Pietersma fan It Gea fersteure de skaden de fûgels by it brieden en it sykjen nei iten.

It Fryske Gea stelde earder foar oan de gemeenten om it surfen op fiif plakken oan de Iselmarkust ta te stean. In definityf beslút dêroer is noch net nommen. Dat soe sa gau mooglik moatte, neffens Pietersma. It Gea hâldt no wol safolle mooglik tafersjoch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)