Rêdingsboat Skier yn aksje

29 jul 2004 - 14:14

De rêdingsboat fan de KNRM op Skiermûntseach, de Hedzer Jacobs, hat woansdei in lyts Noarsk syljacht flot- lutsen. De sylboat mei ien bemanningslid wie ûnderweis fan Noarwegen nei Portugal.

Om't de siler wurch wie, rekke er boppe Skiermûntseach út koers en kaam er fêst te sitten. Neidat it skip flotlutsen wie, hat de siler koers set nei Lauwerseach. Dêr wol er earst bykomme fan it earste part fan syn reis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)