Nij amtskostúm foar Nijpels

© Omrop Fryslân
Ta gelegenheid fan de 50ste boere- brulloft op 'e Jouwer droech Nijpels foar it earst it tradisjonele amts- kostúm. Dat kostúm is spesjaal opnij makke troch de Stichting Ambtskostuum fan de Kommissaris yn Fryslân.
It amtskostúm foar de kommissaris is by Keninklik Beslút sûnt 1820 foarskreaun mar waard yn 1966 wer ynlutsen. De St. Amtskostúm hat no in nij kostúm meitsje litten foar de kommissaris foar tige bysûndere gelegenheden.