Minder animo foar Snitswike

© Omrop Fryslân
Dit jier dogge der minder boaten mei oan de Snitswike. Dy begjint nije wike freed. Ferline jier luts it evenemint mear as tûzen boaten, no binne der 963. Neffens de organisaasje komt dat troch it wat minder moaie waar en trochdat de fakânsjes wat letter binne.
De organisaasje ferwachtet noch wol wat oanmeldings. De grutste klasse is dit jier wer de Splash. Der binne ek klassen dy't net sile kinne fanwege te min dielname, lykas de Finnklasse.