Man lit famkes bikiny's passe

29 jul 2004 - 10:48

Yn en om It Hearrenfean soe in man aktyf wêze dy't famkes lokket mei in takomst as fotomodel. Hy jout him út as meiwurker fan in modelleburo en hâldt sa famkes oan op strjitte. Dy nimt er mei nei kleanwinkels om bikiny's te passen.

It modelleburo ATP Models út Zoetermeer hat tiisdei de plysje op 'e hichte brocht fan dy praktiken. De goeie namme fan it buro soe sa skeind wurde troch de man. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)