Fûgelfair yn de Fûgelpits

28 jul 2004 - 17:18

Fûgelopfangsintrum de Fûgelpits yn Moddergat hold woansdei in Fûgelfair. De fûgelopfang moat winterklear makke wurde foar de fûgels. Foar ferwaarming en flierbedekking moat 15.000 euro by inoar brocht wurde. De Fûgelfair moast dêr in grutte bydrage yn wêze.

It wie de hiele dei gesellich drok by de Fûgelpits. Der wiene aktiviteiten foar jong en âld. Ek wie der in gûchelder en in optreden fan Anneke Douma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)