Ekstra kontrôles Snitser plysje

28 jul 2004 - 17:18

De plysje Snits is de kommende Snits- wike alle dagen op it wetter. Dêr is ekstra personeel foar oplaat. Benammen de middeis en jûns sil der op de Snitsermar ekstra oandacht wêze foar lûdsoerlêst en minsken dy't te folle drank op ha.

Fierder rint de Snitser plysje foar it earst yn goed sichtbere oranje heskes. Troch de drokte kinne minsken de plsyje geregeld net fine en dat moat oars. It giet om in foarearst eksperimint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)