Tafaller foar kokkelfiskers

28 jul 2004 - 16:14

Kokkelfiskers hiene woansdei in ûnferwachte tafaller. Se meie dit jier mear fange as earst it doel wie, sa hat it ministearje fan Lânbou bekend makke. Yn tsjinstelling ta eardere berjochten binne der foar dit jier genôch kokkels, sa fynt it ministearje.

Mar it fiskseizoen is noch net begûn, want it is noch wachtsjen op de fergunning. Lykas alle jierren fjochtet de Waadferiening de fergunning oan. De kokkelfiskerij stiet bot ûnder druk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)