Gearwurking Sosjale Saken Skylge

28 jul 2004 - 15:25

Skylge sil mei oare gemeenten gearwurkje op it mêd fan Sosjale Saken. It eilân hopet dêrmei 72.000 euro jiers te besparjen.

De taken fan de Skylger ôfdieling geane oer nei de Tsjinst Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân. Dat is in gearwurkingsferbân tusken de gemeenten Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Skylge. De ried fan it eilân is akkoart gien mei de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)