Jonge swierferwûne ûnder trekker

© Omrop Fryslân
In 10-jierrich fytserke út Oerterp is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok mei in trekker yn Bakkefean. Hy fytste mei oaren. Doe't fan de oare kant in trekker kaam, soene se achterelkoar ride. Dêrby rekke de jonge mei syn foartsjil it achtertsjil fan syn de fyts foar him.
De jonge foel en kaam ûnder de trekker. Hy waard earst nei it sikehûs yn Drachten brocht, mar letter moast er nei it Akademysk Sikehûs yn Grins.