Finale Mindwintercup yn De Trije
De finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal wurde net mear yn it FEC yn Ljouwert holden. De finales fan de Midwintercup, sa't it toernoai offisjeel neamd wurdt, binne takom jier jannewaris yn sporthal De Trije yn Frjentsjer.
Reden foar de organisaasje om it FEC te ferlitten is dat de flier dêr net geskikt is foar sealfuotbal. Boppedat binne der yn De Trije tribunes. Yn it FEC stiene de lju om it fjild hinne.
Trefwurden:
argyf