Undernimmers ynnovearje te min

27 jul 2004 - 18:04

Fryske ûndernimmers ûntwikkelje yn dizze ekonomyske resesje fierstente min nije produkten of tsjinsten. Dat stiet yn it jierferslach fan ynnovaasjenetwurk Syntens. De ûndernimmers binne allinnich drok mei maatregels om de kosten te beheinen.

Syntens hat ferline jier wol 3000 advyspetearen fierd mei Noardlike ûndernimmers. Dochs dogge ûndernimmers te min mei de advizen en wurdt der te min ynnoveard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)