Trije Ljouwerter kafees ferkocht

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert gean trije kroegen fan eigner Jan Oosterhof oan it Ruterskwartier fan de hân. De Toog wurdt mei byhearrend Skikwartier ferkocht oan Reinier Boxum, eigner fan diskoteek JenniFeu/Malibu yn Drachten. Dy wol der in diskoteek begjinne.
De Wereld wurdt oan biermagnaat Heineken ferkocht. Wêrom't Oosterhof dy't allinnich kafee De Stengel oerhâldt, de kafees ferkeapet, is net dúdlik.