Hearrenfean wint op Feanhoop

© Omrop Fryslân
Pieter Brouwer hat mei syn Hearrenfean- skûtsje moandei op 'e Feanhoop de twadde SKS-wedstriid wûn. Hy bleau rom foar op Allard Syperda fan De Jouwer. Ale Zwerver fan De Lemmer waard tredde.
De skûtsjes koene fanwege de wyn net fan de wâl ôf starte en moasten nei de Wide Ie sleept wurde. Dêr starten se yn de folchoarder sa't it lot it bepaald hie. Tiisdei yn Earnewâld is de start- folchoarder krekt oarsom. De earste protesten wiene der ek op 'e Feanhoop.