Skoalbern as jirpelsikers

27 jul 2004 - 13:52

Skoalbern dy't ferlet ha fan wurk kinne by boer Jukema fan Winaam terjochte. De boer siket nammentlik jirpelsikers dy't it wurk mei de hân dogge. It giet dan om poaters, de lytsere setters dy't it oare jier sels de grûn yn geane.

Jirpelsykje mei de masine giet hurder en is dus effisjinter en goedkeaper, mar it is wol minder goed foar setters, neffens de boer. Om bakteriële syktes foar te ommen, wol er de setters no mei de hân sykje litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)