Mear dak- en thúsleazen

27 jul 2004 - 13:51

De oerheid wit net folle fan dak- en thúsleazen. Dat seit it Leger des Heils. Der komme hieltyd mear swalkers ek ek de agressy nimt ta. De opfang fynt dat der in oare oanpak komme moat en minder burokrasy.

By de opfang yn Ljouwert komme alle dagen 100 dak- en thúsleazen. In paskesysteem en in portier moatte de opfang feiliger meitsje. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat dak- en thúsleazen hieltyd jonger binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)