Junkie XL suksesfol yn Amearika

© Omrop Fryslân
De âld-Ljouwerter Tom Holkenborg docht it goed yn Amearika. Acht moannen lyn gie de muzikant, bekend as Junkie XL, nei Los Angeles foar promoasje fan syn cd. Hy hat ûnderwilens filmmuzyk foar Catwoman skreaun en konserten jûn yn tal fan grutte Amerikaanske stêden. Ek wurke er mei Britney Spears en Depeche Mode en makke muzyk foar reklames.
Holkenborg komt eefkes werom foar in lytse Europeeske toer. Op 21 augustus draait er op dancefestival Mysteryland.