Blombolletyltsintrum yn Fryslân

27 jul 2004 - 08:03

Fjirtjin blombolletylders út it Noarden begjinne mei-elkoar in tyltsintrum yn Easternijtsjerk. Yn it sintrum wurde út blombollen blommen kweekt foar de ferkeap yn de winkels. Der komt ek in kennisôfdieling dêr't gegevens oer de tylt fan blombollen sammele wurde.

It sintrum komt yn twa leechsteande loadsen yn Easternijtsjerk. Yn de wintermoannen is der wurk foar njoggen minsken, simmers foar fyftjin. Der binne al opdrachten foar 3 jier wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)