Terpstra hâldt op mei keatsen

© Omrop Fryslân
Klaas Anne Terpstra hâldt nei dit seizoen op mei keatsen yn de haadklasse. De 33-jierrige opslagger út Minnertsgea kin him net mear foar 100 prosint motivearje. "Ik sit no noch by de top en wol net ôfsakje", sei er.
Terpstra hat 15 jier haadklasser west. Hy makke yn 1991 syn debút. Hy hat in soad prizen wûn. Yn 2000 wûn er de PC en hy waard doe ek ta kening útroppen. Terpstra keatst dit seizoen noch santjin wedstriden op haadklassenivo.