Hoareka Amelân rint sinten mis

© Omrop Fryslân
Hoarekaûndernimmers op It Amelân binne it ôfrûne wykein tûzenen euro's omset misrûn. It jierlikse parasjutefestival fan parasjuteklup Eelde-Hoogeveen waard op it lêste momint skrast.
It Amelân hat de easken foar it ferfier fan brânstof oanskerpe. Dizze kear moast boppedat betelle wurde foar it gebrûk fan in hangar op it fleanfjild. Troch dy twa feroarings besleat de organisaasje it parasjute-evenemint dit jier net trochgean te litten.