Oerfaller meldt himsels oan

26 jul 2004 - 16:50

De oerfaller fan in spylhal oan it Grutsân yn Snits hat him sels meldt by de plysje. De man easke healwei ferline wike jild fan de kasjêre fan de spylhal. Hy bedrige har dêrby mei in fjoerwapen.

De frou joech de man fjouwer biljetten fan fyftich euro. Dat jildt hat er ynlevere by de plysje doe't er him dêr melde. Ek it wapen hat er oan de plysje jûn. De man is fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)