Net folle fragen oer feeparasyt

© Omrop Fryslân
De Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje NLTO hat noch net in soad fragen binnenkrigen oer in deadlike parasyt dy't in bedriging is foar rundfee. De parasyt dy't oant no ta net yn Nederlân foarkaam, is oantroffen by seis kij yn Drinte.
De parasyt dêr't it om giet is deadlik foar it fee. Nei in besmetting krije de bisten hege koarts en blodearmoede. Net folle letter stjerre de bisten.