Gjin kado foar Fryske kampioenen

26 jul 2004 - 13:40

Ynwenners fan Achtkarspelen dy't ergens Frysk of regionaal kampioen yn wurde, krije gjin kadootsje mear fan de gemeente. Dat docht bliken út in nije regeling fan de gemeente.

As ien Nederlânsk of Europeesk kampioen wurdt, krijt er wol in presintsje. Achtkarspelen sjocht dan wol nei de leeftyd en nei de prestaasje dy't levere is. De nije regeling giet ien augustus yn. De âlde stamde út 1995 en moast fernijd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)