19e edysje Jouster ballonfeesten

© Omrop Fryslân
Op 'e Jouwer begjinne woansdei de ballonfeesten. Foar de njoggentjinde kear fynt it grutste ballonevenemint fan Nederlân plak. It duorret oant en mei 1 augustus. Alle dagen geane jûns om 19.00 oere 35 ballonnen de loft yn.
Middeis steane ferskate aktiviteiten op it program lykas in hynsteshow en in útstalling fan oldtimers. Yn de feesttinte spylje bands. Sneontejûn geane ferljochte ballons de loft yn by de Candlelighting-show.