De Vries earste by Masters

© Omrop Fryslân
Mered de Vries fan Harich is it ôfrûne wykein earste wurden yn de Masters yn Dordrecht. De Masters is de heechste beachfolleybalkompetysje yn Nederlân. Ferline jier wist De Vries mei Jettie Fokkens geregeld te winnen. Dit jier wie dat noch net slagge om't se gjin fêste partner hie.
Sûnt de NK spilet De Vries mei Marloes Wesselink. Se dogge it goed. Op it NK waarden se tredde. Ofrûne wykein wûnen se sûnder in wedstriid te ferliezen.