Drachtster mei drugs trappearre

26 jul 2004 - 11:11

In 22-jierrige Drachtster is sneontenacht op Skylge oanhâlden. Hy hie 12 XTC-pillen by him. De plysje ûntduts de drugs doe't se nei in groepke fan acht persoanen tarûnen. De groep rûn gau fuort. Ien stoppe rap in fleske bier yn de jasbûse en in oar woe ek wat yn de jasbûse dwaan.

Doe't de plysje dy persoan oanspruts, die bliken dat er drugs by him hie. De XTC-pillen binne yn beslach nommen en de Drachtster krijt in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)