Alkoholkontrôle op it wetter

© Omrop Fryslân
De wetterplysje hâldt fan 't simmer de boatsjeminsken goed yn de gaten. By in grutte alkoholkontrôle by de Feanhoop hat de plysje dit wykein twa kear proses-ferbaal opmakke. De skippers hienen tefolle dronken. Mei elkoar binne 27 blaastests ôfnommen.
It wie foar it twadde jier dat op sa'n grutte skaal kontrolearre waard op drank. It tal oertreders fan it tastiene promillaazje fan 0.8 promille, lei like heech as ferline jier.