Postma bêste Nederlanner

© Omrop Fryslân
Pieter Jan Postma út Terkaple wie sneon op de lêste dei fan it EK Lasersilen yn Warnemunde de bêste Nederlanner. Hy einige op in 22e plak. Dêrmei wienen de Nederlânske kandidaten fier ôf fan in Olympysk startbewiis.
Ein juny waard by de Kieler Woche al dúdlik dat it de 22-jierrige Postma net slagge wie him te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn Atene. Dat ynternasjonale sportevenemint begjint freed 13 augustus.