Soad seizoenkaarten Cambuur
Cambuur Leeuwarden hat oant ta al in lytse 1900 seizoenkaarten ferkocht. Dat is dúdlik mear as yn deselde perioade foarich jier. De ferwachting is dat de ferkeap fan seizoenkaarten flink boppe de 2000 stiks útkomt.
De Ljouwerter fuotbalklub spilet tiisdei yn it eigen stadion in oefenwedstriid tsjin de Dútske bekerfinalist fan it ôfrûne seizoen, Alemannia Aachen.