Grou wint earste SKS-wedstriid

© Omrop Fryslân
It skûtsje fan Grou fan skipper Berend Mink hat de earste SKS-wedstriid by Grou wûn. It skûtsje lei lange tiid ûnbedrige op kop. It skûtsje fan Boalsert lei dêr in skoftlang achter en waard úteinlik dan ek twadde. De striid om it tredde plak waard wûn troch it skûtsje fan De Lemmer. Dêrachter kamen It Hearrenfean, Snits en Drachten.
Ferline jier wûn it Snitser skûtsje fan skipper Douwe Visser it SKS-skûtsjesilen.