Oername part Ybema Tynje?

© Omrop Fryslân
Kurator Werle fan it fallite stielkonstruksjebedriuw Ybema fan De Tynje sjocht noch mooglikheden foar twa ûnderdielen fan it bedriuw. Foar de spuiterij en de metaalbewurkings- ôfdieling soene twa oernamekandidaten wêze.
Fannewike waard bekend dat Ybema fallyt is. 32 minsken ferlieze har baan. De oarsaken fan it fallissemint lizze yn de minne ekonomy, de tanimmende konkurrinsje en de hege stielprizen.