Sumarder mishannele yn eigen hûs

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige ynwenner fan Sumar is freed yn syn eigen hûs oerfallen en mishannele. Der waard oanbelle by syn hûs oan It Hoarnleger. De bewenner seach dat der twa manlju foar de doar stiene, mar die net iepen.
De manlju sloegen doe de rútsjes yn de foardoar yn en stapten nei binnen. De bewenner waard mishannele. Dêrnei naaiden se út, wylst se ek noch de televyzje meinamen. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele.