Spul oer 'ozontosksoarch'

25 jul 2004 - 12:39

Direkteur Brandsma fan Ozontandzorg hat in klacht yntsjinne tsjin de ynspeksje fan toskedokters. Brandsma hat festigingen yn Amsterdam en Snits. De ynspeksje is net wis fan de ozonterapy. Dêrby wurdt by gatsjes net mear boarre, mar ferhelpt ozongas de gatsjes.

De ynspeksje driget mei de tuchtrjochter om't Ozontandzorg mei mûlehygiënisten wurket yn plak fan toskedokters. Neffens Brandsma wurdt er falsk beskuldige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)