Poëzij op poaten yn Snits

24 jul 2004 - 17:14

Yn Snits is sneon de tentoanstelling Poëzij op Poaten iepene. It giet om gedichten dy't bûten op 12 panielen steane. De Sneker fersen binne fan Henk van der Veer mei foto's fan Paul van Goor. De útstalling moat it Snekers mear ûnder de oandacht bringe.

De fersen binne ek yn in dichtbondel ferskynd. Dy is te keap by de Snitser boekhannels. De panielen bliuwe oant begjin oktober stean. Dêrnei ferhúzje se nei de sponsorjende bedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)