Tieme Klompe op 'e nij blesseard

24 jul 2004 - 12:27

Ald-Hearrenfeanspiler Tieme Klompe is op 'e nij in skoft út 'e running. Troch in slepende búkspierblessuere kin er seker acht wike net spylje. Syn nije klup RKC Waalwijk siket dan ek nei ferfanger foar de sintrumferdigener.

Tieme Klompe hat jierren foar Hearren- fean spile. It lêste jier kaam er dêr troch blessueres lykwols amper yn aksje. Nei in medyske keuring koe Klompe de oerstap nei RKC meitsje. Mar syn debút wurdt dus noch even útsteld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)