Nije regionale VVV-buro's nedich

23 jul 2004 - 14:10

Foar it ûnderbringen fan de promoasje en it jild fan de lokale VVV-kantoaren moatte der nije regionale VVV-buro's komme. Dat seit foarsitter Geurts fan de VVV Nederlân. Sa soe VVV De Friese Meren yn ien regionaal buro gearwurkje kinne mei de Kop fan Oerisel.

Neffens Geurts binne de Fryske Marren en de Weerribben yn Oerisel foar guon wettersporters ien gehiel. De lokale kantoaren bliuwe wol bestean, sadat twongen ûntslaggen net nedich binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)