Tsjûgen frege fan fernielerij

23 jul 2004 - 13:18

De wetterplysje ropt tsjûgen fan de fernielerij fan it húske op de Langehoekspôle yn de Fleussen op har te melden. De plysje wit yntusken frijwol wis wa't de dieders binne. Om dy oan te hâlden, binne lykwols tsjûgen nedich.

Der binne wol minsken dy't in sinjalemint fan de fermoedlike dieders trochjûn ha, mar dy woene net as tsjûge optrede, om't se benaud binne. Neffens de wetterplysje komme de fermoedlike dieders nochal driigjend oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)