Jong H'fean 1-1 tsjin Dordrecht

23 jul 2004 - 10:37

De beloften fan SC Hearrenfean ha woansdei mei 1-1 gelyk spile tsjin FC Dordrecht. Georgios Samaras brocht Hearrenfean yn de earste helte op foarsprong doe't er de bal út in hoekskop yn it doel kopte.

FC Dordrecht kaam yn de twadde helte wer neist de Feansters troch in skot fan Arjan van der Laan. By FC Dordrecht spilen de bruorren De Nooijer de hiele wedstriid mei. Sy spilen earder beide foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)