Protest besunigings sikeferfier

© Omrop Fryslân
By soarchfersekerder De Friesland komme in soad protesten tsjin de strangere regels by it sikeferfier. Dat ferfier wurdt sûnt dizze moanne hast net mear fergoede.
Sa'n 6500 minsken dy't net sûnder ferfier kinne, krije gjin jild fan De Friesland mear foar har reis nei dokter of sikehûs. Tsientallen dupearren hawwe yntusken beswier oantekene. De Friesland sil de beswieren by de minister oankaarte.