Polem hat dochs hege hal nedich

© Omrop Fryslân
Silobouwer Polem fan De Lemmer hat dochs in hal fan 30 meter heech nedich om takomstige oarders oan te kinnen. Dat docht bliken út ûndersyk dat Polem útfiere litten hat. De gemeente hie frege om in ûndersyk.
Yn dat ûndersyk moast besjoen wurde oft de grutte silo's fan Polem net horizontaal boud wurde kinne. In diel fan de befolking en de gemeente is tsjin op in hege hal. It rapport fan it ûndersyk is oanbean oan B&W.