Noch gjin tip oer fernield húske

© Omrop Fryslân
De wetterplysje hat net ien tip binnen- krigen oer de fernielings fan it spesjale húske foar wettersporters op it Knine-eilân yn de Fluessen, earder dizze wike. Woansdei die de wetter- plysje in oprop oan tsjûgen om har te melden, mar net ien fan de passanten hat him oant no ta oppenearre.
De syktocht nei de dieders giet yntusken wol troch. De plysje hat wol wat oanwizings oer hoe't it skip fan de dieders derút sjen moat.