Fisher hat wer in scootmobyl

22 jul 2004 - 09:05

De 86-jierrige John Fisher út Drachten hat wer in scootmobyl. Nei tuskenkomst fan de gemeente Smellingerlân krijt er in mobyl fan in frou dy't dizze net mear brûkt.

De scootmobyl fan Fisher waard ôfrûne wykein stellen en letter fernield werom fûn. De Britse oarlochsfeteraan koe dêrtroch gjin kant mear op. Fisher is fansels tige bliid mei syn nije ferfiermiddel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)